IIsfoarstin yn de reprize

27 maaie 2014 - 10:41

De goed fiifhûndert minsken dy't moandeitejûn by de stjitopera De IIsfoarstin fan Tryater wiene, meie op snein 1 juny de foarstelling nochris sjen. Tryater lit dat de besikers noch yn in persoanlik brief witte.

De foarstelling waard moandei nei twa oeren, in heal oere foar de ein, ôfbrutsen omdat it begûn te tongerjen. Der binne fan 'e wike noch fiif foarstellings fan De IIsfoarstin.

Trefwurden: 
Tryater De IIsfoarstin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)