Brêge-ynspeksje nei ûngelok

27 maaie 2014 - 10:02

De fytsbrêge yn Drachten dêr't moandeitejûn in deadlik ûngelok west hat, bliuwt ticht foar fytsers en kuierders. De gemeente lit ûndersyk dwaan nei de stabiliteit fan de brêge. Moandeitejûn klapte in auto op ien fan de pylders fan de fytsbrêge. De bestjoerder kaam dêrby om it libben.

De brêge bliuwt foarearst ticht. Fytsers en kuierders kinne der op it stuit net oerhinne. Hoelang oft de ôfsluting duorret, is noch net bekend.

De plysje docht ek noch altyd ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe. Op de wei mei net hurder as 50 kilometer yn de oere riden wurde. De plysje sjocht ûnder oare nei remspoaren.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten fytsbrêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)