Soad soargen oer wynmûneplan

De emoasjes rûnen heech op moandei by de earste ynrinjûn oer de wynmûneplannen fan Fryslân foar de Wyn yn Wytmarsum. Omwenners koenen har soargen en fragen foarlizze oan de plannemakkers. Minsken joegen oan benammen benaud te wêzen foar it sakjen fan de huzewearde. Ek wienen der soargen oer lûdsoerlêst en de wize wêrop't omwenners kompensaasje krije. Omwenners dy't binnen 750 meter fan in wynmûne wenje, krije in jierliks kompensaasjebedrach fan 1200 euro.
Njonken tsjinstanners wienen der ek foarstanners dy't wol partisipearje wolle.