Deade by ûngelok Drachten

26 maaie 2014 - 21:10

In 32-jierrige automobilist út de Grinslanner gemeente Winsum is moandeitejûn om it libben kaam by in ûngelok op de Suderhegewei yn Drachten. By de rotonde dêr ried er krekt nei acht oere tsjin de pylder fan de fytsbrêge oan. Plysje, ambulânse en de brânwacht hawwe noch help ferliend, mar de man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

De dyk wie oerenlang ôfsletten foar it ferkear. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)