IIsfoarstin giet gewoan troch

De IIsfoarstin
De foarstelling fan de strjitopera De IIsfoarstin fan Tryater giet moandeitejûn gewoan troch. It KNMI kundige koade giel ôf om't swiere rein- en tongerbuien oer it lân gean sille. It falt oant no ta lykwols noch ta yn Ljouwert. Dêrtroch hat Tryater it beslút naam om de foarstelling trochgean te litten.
Mocht der letter op de jûn dochs noch tonger komme, dan sil der al maatregels naam wurde om de feiligens fan de besikers te garandearjen.