Twadde ynrinjûn wynmûneplannen

26 maaie 2014 - 19:43

Fryslân foar de Wyn organisearret in twadde regiogearkomste yn Wytmarsum foar minsken dy't moandeitejûn net mear yn de seal koenen. De opkomst by de earste ynformaasjejûn wie sa heech dat lang net elkenien yn de seal paste. Tsientallen minsken waarden by de doar keard. Foar harren organisearret Fryslân foar de Wyn in twadde gearkomste. Wannear't dy krekt plakfine sil, wurdt noch bekend makke.

Der binne hast fjirtich wynmûneplannen dy't de kommende tiid yn ferskate regiogearkomsten bepraat wurde sille. Yn Wytmarsum wie moandei de earste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)