Ferfier socht foar guod Bosnië

26 maaie 2014 - 19:03

Mirka Antolovic út Ljouwert siket frijwilligers dy't guod foar de oerstreamingsslachtoffers yn Bosnië ferfiere kinne. Antolovic die ferline wike in oprop om yn aksje te kommen foar de minsken yn Bosnië, dy't troffen binne troch de oerstreamings. It smiet har in garaazjeboks fol mei guod op.

Mar mei in hokfol spul is der in oar probleem. Der is nammentlik gjinien dy't it guod ferfiere kin. Der is ek gjin jild foar. Op dit stuit besiket Antolovic it noch sels foarinoar te krijen, mar alle help is wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)