HT-silers feilich oankaam

Alle 135 boaten dy't meidogge oan de HT-sylrace binne moandeitemiddei feilich oankaam yn de haven fan Skylge. De dielnimmers begûnen moarns yn it Kimstergat en fearen nei Skylge. Troch it geunstige waar koene de skippen tusken de eilannen Flylân en Skylge trochfarre.
Tiisdei stiet de weromreis fan Skylge nei Harns op it program. Dan binne de waarsfoarsizzings lykwols in stik minder mei rein, tonger en hurde wyn. Pas wannear't alle skippers wer yn Harns binne, kin de einútslach fan de 40e edysje bekend wurde makke.