Neigenietsje foar Zeinstra

26 maaie 2014 - 16:23
  • Erwin Zeinstra (links) by de finale fan de UEFA Europa League 2013

Twa dagen nei de Champions League-finale is grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp noch altyd oan it neigenietsjen. Zeinstra hie de eare om as assistint fan skiedsrjochter Björn Kuipers ien fan de meast belangrike fuotbalfinales fan it jier te flagjen.
Yn de finale wûn Real Madrid pas nei ferlinging fan stedgenoat Atletico Madrid. It arbitrale trijetal moast 120 minuten fol oan de bak. Zeinstra is tige tefreden oer it ferrin fan de wedstriid.

Zeinstra kin him no klearmeitsje foar it WK fuotbal yn Brazilië. Hokker wedstriden er dêr flagje sil, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)