Krimineel duo wer yn Nederlân

26 maaie 2014 - 16:05

It kriminele duo Antonio van der P. út de Harkema en syn freondinne Enise B. binne troch de Dútske autoriteiten útlevere oan Nederlân. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandei bekend makke.

De twa waarden op 26 febrewaris oanhâlden nei in dagenlange klopjacht troch de plysje. De achterfolging brocht de twa fia Drinte en Noard-Brabân nei Dútslân, dêr't se pakt waarden yn in hotel. Bonny and Clyde, sa't it duo yn de parse neamd waard, wurdt swiere mishanneling en ûntfiering ta lêste lein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)