Fyftich gefallen bernepardon

Fyftich minsken yn Fryslân falle ûnder it romhertiger bernepardon foar asylsikers, as dat trochgiet. Dat is ynklusyf bern, sa hat Flechtelingewurk bekend makke. It giet om bern dy't hjir langer as fiif jier ferbliuwe. Om ferskate redenen falle se bûten de boat en moatte se fuort, ek al binne se hjir folslein woartele.
Fierwei de measte Fryske boargemasters hawwe in oprop ûndertekene oan steatssekretaris Teeven om nochris romhertiger nei it bernepardon te sjen. Yn hiel Nederlân binne dat oer de trijehûndert boargemasters.
Woansdei is der in harksit yn de Twadde Keamer oer ferromming fan it bernepardon. Dêrom hat de Berne-ombudsman op ynternet dossiers publisearre om oan te jaan wêrom't de IND asylfersiken ôfwiist. De organisaasje Defence foar Children fynt dat de ôfwizings yn striid binne is mei de bernerjochten fan de Feriene Naasjes.