'Nea wer Alvestêdetocht'

26 maaie 2014 - 13:43

De Alvestêdetocht fan 1997 hat miskien wol de lêste ea west. No is de jierlikse kâns op sa'n tocht 15 persint, mar yn it jier 2050 is dy noch mar op syn heechst 2 persint. Dat stiet yn fjouwer klimaatsenario's dy't it KNMI moandei publisearre hat.

Nederlân krijt de kommende desennia ekstremer waar mei swiere rein- en tongerbuien. De winters wurde folle mylder, en de kâns op froast en reedriderij wurdt dêrmei lytser. De seespegel giet rapper omheech as tocht, oant 40 sintimeter yn 2050, sa is de ferwachting fan it KNMI.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)