Gifmoardfertochte langer fêst

© Omrop Fryslân
De frou (52) dy't fertocht wurdt fan moard op har twa manlju, út Frjentsjer en Enkhuzen, moat yn foararrest bliuwe. Dat hat de rjochter moandei besletten.
De frou wurdt ondersocht yn it Pieter Baan Sintrum. Op 25 augustus komt se wer foar de rjochter. Justysje wol ekstra ynformaasje fan it Nederlânsk Forinsysk Institút. Ut in earste NFI-ûndersyk soe neffens de advokaat bliken dwaan dat de frou net ferantwurdlik is foar de dea fan har earste man yn Enkhuzen. As dat út de ekstra ynformaasje ek bliken docht, past justysje de oanklacht oan.
De frou út Boxmeer sit sûnt novimber ferline jier fêst. Se wurdt derfan fertocht dat se har twa manlju mei fergif om it libben brocht hat.