Spul mei solar-race yn Monako

26 maaie 2014 - 12:58
  • Sinneboatrace komt oan yn Ljouwert (yn eardere edysje)

De organisaasje fan de Dong Energy Solar Challenge yn Fryslân hâldt fuortendaliks op mei de gearwurking mei de sinneboatraces yn Monako. Se advisearje dielnimmers net mei te farren yn Monako.

Neffens de organisaasje fan de Solar Challenge hawwe se de boel yn Monako net goed foar-inoar en is in grut tal saken net of net goed regele. Sa binne der oer de hinne- en weromreis noch in soad ûndúdlikheden, seit de foarsitter fan de Dong Energy Solar Challenge.

De dielnimmers oan de Fryske edysje meie de sinnepanielen dy't se fan de organisaasje brûke, net meinimme nei Monako. Earst moch dat wol, mar de panielen moatte no fuortendaliks nei de sinneboatrace yn Fryslân ynlevere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)