'Provinsje betellet te let'

26 maaie 2014 - 12:24

De steatefraksje fan Friese Koers wol fan deputearre Jannewietske de Vries witte hoe't it kin dat de provinsje ferline jier ien op de fjouwer rekkens te let betelle hat. De provinsje hat as regel dat rekkens binnen tritich dagen útbetelle wurde.

Fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra fan Friese Koers is skrokken fan it feit dat it persintaaazje nota's dat net binnen dy termyn ôfhannele is, heech leit. Yn 2011 is de ôfhanneling fan faktueren digtalisearre en sadwaande binne rekkens better yn de gaten te hâlden. Dan soe it better gean moatte.

Dochs bliuwt it persintaazje nota's dat binnen de termyn betelle wurde al jierren om de 80 persint hingjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)