'Meibetelje oan hospice Snits'

© ANP XTRA
Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân wolle 50.000 meibetelje oan de ferbou fan in hospice yn Snits. Dat stelle se foar oan de gemeenteried. De behearsstichting hat in gebou oankocht oan de Westhemstrjitte. Dat moat noch geskikt makke wurde om der minsken yn har lêste libbensfaze yn op te fangen.
De stifting hat sels al in soad jild by elkoar helle, mar der wie noch in tekoart fan goed 80.000 euro. De gemeenteried praat begjin maart oer de takenning fan it jild.