Oldepop giet net troch

26 maaie 2014 - 11:11

It Oldepopfestival by de Aldehou yn Ljouwert giet net troch. It festival soe kommende freed heve, mar de organisaasje seit dat it 'troch omstannigheden' net trochgean kin.

Op it festival soe Guus Meeuwis komme as haadact. De kaartsjes dy't al kocht binne, bliuwe jildich. Wannear't it festival wol trochgiet, is ûndúdlik, likemin as de reden fan de ôfsizzing.

De organisaasje makke it nijs ûnder oare bekend op harren Facebook-side.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)