Foarferkeap Oerol begjint

26 maaie 2014 - 10:38

De foarferkeap fan de tagongskaarten foar it teaterprogramma fan Oerol begjint tiisdeitejûn om acht oere. It giet om hûnderttûzen kaarten foar sawat fjirtich foarstellings. Der binne dizze kear 21 premjêres.

De 33e edysje fan Oerol op Skylge is fan 13 oant en mei 22 juny. Der is dit jier foar it earst in spesjale festival-app mei ynformaasje oer de foarstellings en de krekte lokaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)