Grutte partijen bliuwe oerein

Stimme © Omrop Fryslân
De grutte pro-Europeeske partijen hawwe har hânhavene yn it Europeesk Parlemint. De kristendemokraten, sosjaaldemokraten en liberalen hawwe mei elkoar mear as de absolute mearderheid yn it parlemint, sa docht bliken út de útslaggen. Foar Nederlân bliuwt it CDA mei fiif sitten de grutste partij. D66 krijt fjouwer fan de 26 Nederlânske sitten.
De PVV ferliest ien sit en krijt ek fjouwer. VVD en PvdA bliuwe beide op trije stean. De SP, GroenLinks en de ChristenUnie/SGP krije twa sitten.
De Partij voor de Dieren komt mei ien sit foar it earst yn it Europarlemint. 50PLUS hellet de kiesdrompel net.