Huitema yn Europeesk Parlemint

De missy fan feehâlder Jan Huitema fan Makkingea is slagge. De jonge boer fierde de ôfrûne wiken drok kampanje mei de slogan 'Boer zoekt stem'. Hy die dat benammen op de trekker. Huitema woe nei Brussel om yn it Europeesk Parlemint 'it sûne boereferstân' hearre te litten. Hy fierde in persoanlike kampanje yn Fryslân, mar ek ûnder kollega's yn it hiele lân.
Yn de nacht fan snein op moandei waard dúdlik dat dy missy slagge is. Huitema komt yn it Europeesk Parlemint yn plak fan Maarten Smit, de nûmer trije op de VVD-list.
Huitema stie op it sechde plak, mar hie mear stimmen as Smit. Yn Fryslân krige Huitema 6.952 foarkarstimmen. Yn it Europeesk Parlemint wol Huitema graach aktyf wurde yn de wichtige lânboukommisje. De ôfrûne jierren wie Nederlân, ta Huitema syn argewaasje, net fertsjintwurdige yn dy kommisje. Ek wol Huitema him ynsette foar de posysje fan de minderheidstalen.