8.757 stimmen op Wim Eilering

De Fryske CDA-kandidaat Wim Eilering út Drachten krige tongersdei 8.757 Fryske foarkarstimmen. Eilering stie op in ûnferkiesber tsiende plak, mar fierde de ôfrûne wiken in foarkaraksje. Foar sa'n 'sit op eigen krêft' binne in lytse 20.000 foarkarstimmen nedich. Eilering komt dêr op basis fan de stimmen yn Fryslân net oan ta.
Isabelle Diks fan GrienLinks komt der ek net mei in sit op eigen krêft. Sy krige 2.970 foarkarstimmen.
Geert Wilders, de listtriuwer fan de PVV, krige yn Fryslân 8.368 foarkarstimmen. Agnes Jongerius, de heechste frou op de PvdA-list krige 10.088 foarkarstimmen en Houkje Rypstra, de heechste Fryske kandidate op de list, krige 3.407.