PvdA grutste op It Hearrenfean

PvdA
Yn de tradisjoneel 'reade' gemeente Hearrenfean wie de PvdA ek ôfrûne tongersdei de grutste partij. De PvdA krige de stipe fan 18,5 % fan de stimmers. It CDA wie hjir mei 14,6 % fan de stimmen de twadde partij en D66 de tredde partij mei 13,1 %.
Njonken Hearrenfean wie de PvdA ek yn Ljouwert de grutste partij mei 20 % en ek dat is tradysje. De PvdA ferlear fierder wol yn in soad gemeenten, mar minder dramatysk as earder wol tocht. Yn it Europeesk Parlemint hâlde de sosjaal-demokraten tanksij in listferbining mei GrienLinks, trije sitten.
Yn Harns is de PvdA ek de grutste, sa die moandei bliken.