VVD hâldt ridlik stân

26 maaie 2014 - 00:01

De VVD hat it mei de Europeeske ferkiezings yn Fryslân justjes better dien as mei de gemeenteriedsferkiezings. Yn Eaststellingwerf, de gemeente fan regionaal kandidaat Jan Huitema, skoarde de VVD 15,1 % fan de stimmen. Huitema, de nûmer 6 fan de VVD-list, fierde op de trekker in foarkarkampanje mei de slogan 'Boer zoekt stem'.

Mar it CDA skoarde yn Eaststellingwerf mei 17,3 % noch krekt wat better as de VVD. De PvdA is yn Eaststellingwerf de tredde partij mei 13,9 % en de PVV de fjirde mei 11,6 %.

De VVD wie wol de grutste partij op Flylân en Skylge, mei 19,5 % en 16,6 %.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)