CDA skoart op it plattelân

CDA-kandidaat Wim Eilering © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
It CDA die it by de Europeeske ferkiezings foaral goed op it plattelân. Yn de measte plattelânsgemeenten fan Fryslân wiene de kristendemokraten de grutste.
Yn Smellingerlân, de gemeente fan regionaal CDA-kandidaat Wim Eilering, wiene de kristendemokraten mei 20 % de grutste partij. De twadde partij is hjir ChristenUnie/SGP mei 14,4 % en de PvdA mei 14,3 % de tredde partij.
De útslach fan Smellingerlân is opfallend, want by de gemeenteriedsferkiezings wie de PvdA hjir noch de earste partij, en de ChristenUnie/SGP de twadde.
Yn gemeente De Fryske Marren stimde 23,7 % op de kristendemokraten. De twadde partij is hjir de VVD mei 14,1 % fan de stimmen. Yn Súdwest-Fryslân die it CDA it noch better mei 25,4 % fan de stimmen. Yn dizze gemeente wie de PvdA de op ien nei grutste partij mei 12,5 % fan de stimmen.
Yn de gemeente It Bilt skoarde it CDA 26,8 %, yn Dantumadiel 28,0 % en yn Ferwerderadiel 31,5 %.