CDA grutste partij yn Fryslân

De Europeeske ferkiezings wurde hâlden op 22 maaie © Omrop Fryslân
By de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint fan tongersdei wie it CDA mei 40.064 stimmen fierwei de grutste partij fan Fryslân. 20,8 persint fan de Friezen keas foar it CDA. De PvdA wie de twadde partij mei 14,5 %. De VVD wie tongersdei de tredde partij mei 10,7 % fan de stimmen, op de foet folge troch D66 mei 10,55 % en de Eurokrityske SP mei 10,51 %.
18.989 Friezen stimden tongersdei op de PVV; goed foar 9,86 %. ChristenUnie/SGP krige de stipe fan 7,8 % en GrienLinks skoarde 5,7 %. De opkomst wie yn Fryslân 38 %.
Fierder krige de Partij voor de Dieren de stipe fan 3,8 % fan de opkommen Friezen en 50 Plus skoarde 3,3 %. Alle oare listen bleaune ûnder de persint en meitsje sadwaande gjin kâns op in sit yn it Europeesk Parlemint.
Yn de gemeente Ljouwert lizze de ferhâldings wer hiel oars. Yn Ljouwert wie de PvdA de grutste partij mei 18,13 % en D66 de twadde partij mei 14,2 %. De SP wie tongersdei de tredde partij yn Ljouwert mei 11,6 % en it CDA pas de fjirde partij mei 11,1 %. GrienLinks, mei de Ljouwerter wethâlder Isabelle Diks op it fjirde plak, helle yn Ljouwert 9,3 % fan de stimmen.