Van der Bos wint yn Doanjum

25 maaie 2014 - 17:53

De haadklasse keatspartij yn Doanjum is snein wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger. Mei syn njoggende sitbal makke Van der Bos in ein oan in prachtige finale, dy't mei 5-0 en 6-4 wûn waard fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra.

De lytse preemje wie foar Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Rick Poortstra, dy't yn de heale finale mei 5-2 en 6-2 ferlearen fan Triemstra-en-dy.
Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening en prolongearret dêrmei syn titel fan foarich jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)