Goud foar Epke op de rekstôk

25 maaie 2014 - 17:29

Epke Zonderland is snein yn Bulgarije Europeesk kampioen op de rekstôk wurden. Yn in izersterke finale helle Zonderland 15.866 punten. Net ien fan de oare dielnimmers koe by Zonderland syn prestaasje yn de buert komme. De nûmer twa, de Brit Sam Oldham, hie in fol punt minder as Zonderland. Fabian Hambüchen, ien fan de grutte konkurrinten fan Zonderland, foel fan de rekstôk en koe syn oefening net ôfmeitsje.

De Lemster wûn earder op de dei ek al brûns op de brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)