Alvestêderally foar goed doel

25 maaie 2014 - 17:23

Fryslân is wer in alvestêdetocht riker. De seneamde Thuis Throphy is in rally wêrfan't de opbringst giet nei de Fryske Ronald McDonald huzen giet. It doel is dat de Trophy in jierlikse tradysje wurdt. De Ronald McDonald huzen kinne it jild goed brûke, want se binne ôfhinklik fan jeften.

Der diene snein mei-inoar 22 ekyps mei. De organisaasje is yn hannen fan in stifting fan Porscheriders yn Fryslân. Se organisearren al earder in alvestêdetocht, mar binne bliid dat se dat no foar in goed doel dwaan kinne.

De opbringst fan de earste edysje is yn alle gefallen in bedrach fan 7500 euro, mar dat kin noch mear wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)