Kuorbal: Mid-Fryslân ferliest

Djoer ferlies snein foar de kuorballers fan Mid-Fryslân. Sy giene mei 19-13 ûnderút tsjin Wageningen. Dêrtroch stiet de ploech fan trainer Arjen Kreeft no op it gefaarlike degradaasjeplak ûnderoan yn de haadklasse. Sy binne no ôfhinklik fan wat oare ploegen nije wike dogge.
Mid-Fryslân seach nei in kertier al tsjin in 6-2 efterstân oan, mar wist de efterstân oant 10-7 werom te bringen foar rêst. Yn de twadde helte rûn de efterstân op nei 14-9. Dêrmei wie it ferset brutsen en koe Mid-Fryslân it ferskil net mear ynhelje.
De Fryske derby tusken LDODK en SCO waard mei 16-12 in proai foar de ploech fan trainer Hillebrand Diever, dy't dêrtroch noch altyd kâns hat op hanthavening. De Hoeve ferlear mei 16-12 fan Groen Geel.