Tammingapriis:Van Zandbergen

Ale S. van Zandbergen wint de earste Douwe Tammingapriis foar debutanten. Dizze nije Fryske literêre priis waard snein útrikt yn it sintrum fan Ljouwert. Van Zandbergen krige de priis foar syn roman 'Littenser Merke'. Der wiene trije boeken nominearre; de oare nominaasjes wiene 'De brimstige ingel' fan Klaas Rusticus en 'Wat it is om bang te wêzen' fan Sipke de Schiffart.
Van Zandbergen is út de skroeven mei de priis. Hy is no al dwaande mei it skriuwen fan in twadde boek, sei er tsjin it oanwêzige publyk.
Neffens de sjuery sprong it boek 'Littenser Merke' Van Zandbergen der boppe út. De Tammingapriis bestiet út in sjek fan 3.000 euro. De priis giet út fan it FLMD, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, hjoeddedei ûnderdiel fan Tresoar.