Terhernsters op poadium Brio

Skipper Peyo van Dam hat juster yn eigen doarp de 27e edysje fan de Brio-sylmaraton op syn namme skreaun. It komplete poadium bestie út silers fan Terherne. Op it twadde plak einigen de Sjerpies fan skipper Jendrik de Vries, it tredde plak gong nei skipper Frans Willemsen. Grutte favoryt Baint Kramer fan Sniksweach einige as fjirde.
De Brio-sylmaraton wurdt elts jier organisearre troch Wettersportferiening Onder Ons út Terherne. Wat yn 1988 begong mei 30 boten is yn de rin fan de jierren útgroeid ta in sylevenemint mei goed 150 dielnimmers.