19 boetes by kontrôle op A32
By in ferkearskontrôle op de A32 by Aldeholtwâlde hat de plysje sneon 19 boetes útdield. Dat wie ûnder oare foar útstekkende lading fan in oanhingwein, net handsfree belje of mankeminten oan de auto.
It ferkear tusken It Hearrenfean en Wolvegea waard yn beide rjochtings nei in parkearterrein dirigearre. Dêr waarden se kontrolearre.