Famke (19) skopt en slein

25 maaie 2014 - 11:51
  • Geweld

Plysjes hawwe sneontenacht in man út Eaststellingwerf (22) oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man soe yn Bakkefean in famke (19) skopt en slein hawwe oan de Mjumsterwei. Doe't de plysje dêr kaam nei in melding, wiene der trije persoanen dy't besochten om út te naaien. Twa manlju joegen har frij gau oer, mar de tredde waard by de Alde Drintsewei út de boskjes helle en oanhâlden.

It famke waard behannele troch ambulânsemeiwurkers en nei it sikehûs brocht. Sy soe skopt en slein wêze fanwege spul yn de feesttinte.

It famke waard oanslutend bûten de feesttinte troch in groepke jongeren opwachte. Twa jonges fan 21 jier út Drachten en Bakkefean, dy't mei it famke op stap wiene, binne ek mishannele. Sy hawwe hjirfan ek oanjefte dien. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)