Gjin brânwachtrally yn Dokkum

25 maaie 2014 - 11:33

De brânwachtrally dy't dit jier foar de 37e kear yn Dokkum holden wurde soe, giet net troch. Dat meldt de organisaasje. Der hawwe har te min brânwachtkorpsen oanmeld. It binne der 13, wylst 16 it minimum is. De rally soe 21 juny plakfine, mei allegearre sportive proeven foar de korpsen.

As ôfsluting is der altyd in defilee fan brânwachtauto's. De organisaasje hat de korpsen nochris ekstra oproppen om har oan te melden en hat se ek langer de tiid jûn om har op te jaan, mar dat smiet neat op. Der wurdt útsocht hoe't dat kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)