Epke slút EK ôf op rekstôk

Epke yn aksje op de brêge op it EK foar lanneteams yn Sofia © ANP
Epke Zonderland is snein de lêste Nederlanner dy't yn aksje komt by de tastelfinales fan it EK turnjen yn Bulgarije. Zonderland is de grutte favoryt yn de rekstôkfinale. De Olympysk kampioen hat fierwei de dreechste oefening fan alle dielnimmers. As dy oefening slagget makket Zonderland in goeie kâns op de titel. Zonderland sil om 17.10 oere hinne yn aksje komme oan it rek. Dêrfoar komt er ek noch yn aksje by de finale op de brêge.
Oare Nederlanners dy't noch yn aksje komme binne Casimir Schmidt, Jeffrey Wammes en Yuri van Gelder.
Schmidt en Wammes dogge beide mei oan de finale op sprong. Yuri van Gelder komt út yn de ringefinale.