Nije fiskpassaazje yn Suder Ie

25 maaie 2014 - 10:30

Op de wrâldfiskmigraasjedei is sneon de nije fiskpassaazje yn de Suder Ie yn Dongeradiel offisjeel yn gebrûk naam. Dat betsjut dat ûnder oare iel no folle makliker it gebiet De Kolken yn en út swimme kin. Wetterskip Fryslân hat de fiskpassaazje oanlein by gemaal De Kolken Noord.

As de pomp fan it gemaal oanstiet, koe de fisk dêryn fermeald wurde, mar no net mear. De fisk wurdt tenei troch in buis om it gemaal hinne laat. De fiskpassaazje moat de ielstân yn Noardeast-Fryslân ferbetterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)