250 âld-spilers op reuny

It Cambuurstadion siet sneontejûn grôtfol mei âld-spilers. Goed 250 hiene de reis nei Ljouwert makke. Dat wie yn it ramt fan it 50-jierrich jubileum fan Cambuur. Op it fjild wiene ek bekende nammen út de lêste tweintich jier te sjen. Lykas Robin Nelisse, Johan Abma en Kenneth Goudmijn. Abma spile mar leafst 15 jier en 452 wedstriden foar Cambuur.
Alhoewol 't de kondysje fan guon âld-spilers no wat minder is, krigen se de hannen noch wol opinoar fan it trouwe Cambuurpublyk.