Strjitfestival: Cia Plaf! wint

24 maaie 2014 - 18:57
  • Argentynske kapsters yn aksje op it strjitfestival
  • De froulju fan Cia Plaf! wiene wiis mei de publykspriis

De act Cia Plaf! hat by it Frysk Strjitfestival yn Ljouwert de earste Van der Eems publykspriis wûn. It is dit jier foar it earst dat dy útrikt wurdt. Cia Plaf! is in act fan trije kapsters út Argentinië. Friezen dy't har hier dwaan lieten by dizze kapsters krigen in keunstwurk op de holle werom. De kapsels dy't de froulju ôfleverje besteane nammentlik út in ferskaat oan kleuren en foarmen.

It doel fan de Van der Eems publykspriis is om der achter te kommen wat foar soart acts der by de Friezen yn de smaak falle.

Yn de programmearing kin hjir dan rekken mei hâlden wurde. Fierder meie acts dy't dizze priis winne in jier letter wer komme. Dat is bysûnder, want by it Frysk strjitfestival wurdt besocht om alle jierren oare acts nei de stêd te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)