Mear fytsers Alvemarretocht

De Alvemarrefytstocht mocht sneon op goed 4200 dielnimmers rekkenje. Dat wienen der 700 mear as ferline jier. Dêrtroch wiene der te min medaljes. De organisaasje hie nammentlik 3500 herinnerings klear lizzen. De ekstra dielnimmers wienen benammen jongeren, dy't it nije elektroanyske systeem brûkten om har online oan te melden.
De organisaasje wie tefreden oer it ferrin fan de tocht. Neffens Hylke van der Meulen hawwe de fytsers gjin lêst hân fan it minne waar.
De Alvemarrefytstocht wurdt troch in soad minsken brûkt as tarieding op de Alvestêdefytstocht.