Turnmanlju sechde op EK

Epke yn aksje op de brêge op it EK foar lanneteams yn Sofia © ANP
De Nederlânske turnploech is sneon op de Europeeske kampioenskippen yn Sofia mei in skoare fan 256,979 as sechde einige yn de teamfinale. It sechde plak is deselde klassearing dy't Epke Zonderland, Bart Deurloo, Yuri van Gelder, Casimir Schmidt en Jeffrey Wammes tongersdei berikten by de kwalifikaasjes. It is fierder wol in histoaryske prestaasje, want nea earder siet de Nederlânske turnploech by de bêste acht lannen fan Europa.
Ruslân waard yn Bulgarije kampioen mei 267,959 punten, it Grut-Brittannië waard twadde, Oekraïne tredde.