Dei fan de bou lûkt soad folk

24 maaie 2014 - 15:43
  • Loftfoto fan it wurk oan de Heak om Ljouwert

De dei fan de bou luts sneon in protte minsken nei de ferskate boulokaasjes yn Fryslân. Ornaris binne de lokaasjes net tagonklik en bart it wurk achter stekken. Sneon koene minsken ûnder oare sjen by de oanlis fan de Heak om Ljouwert en it Drachtsterfeartprojekt.

De dei fan de bou wurdt dit jier foar de njoggende kear hâlden. De dei hat as doel jongerein entûsjast te meitsjen foar bygelyks in baan as boufakker. By it projekt Leeuwarden Vrijbaan, dat al in tal jierren rint, kinne se dêr de effekten al fan fernimme.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)