Wiet begjin strjitfestival

De binnenstêd fan Ljouwert is dit wykein wer it dekôr fan it Frysk Strjitfestival. Trije dagen lang binne der op tal fan plakken optredens fan muzyk- en teatergroepen. Sneons is tradisjoneel de drokste dei, mar krekt doe't it programma begjinne soe reinde it fûl. Foar it tal besikers sil it net folle útmeitsje, tinkt de organisaasje. Heechút betsjut it dat de minsken justjes letter de stêd yngeane.
It strjitfestival hat dit jier foar it earst in publykspriis foar de leukste, moaiste of de meast bysûndere teaterakt.