Blog: 250 coaches op It Hearrenfean

24 maaie 2014 - 12:25
  • It startsein foar de Special Olympics op It Hearrenfean

Alle 250 coaches en fertsjintwurdigers fan sportferienings binne sneon yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean offisjeel akkrediteard foar de Special Olympics. Nei in wolkom fan foarsitter Bert Kuiper en projektlieder Tjisse Wallendal, krigen de coaches de alderlêste ynformaasje. Dêrnei krigen de coaches in rûnlieding op it sportkompleks, dêr't aanst de wedstriden plak fine sille.

Anja den Oudsten út Drinte komt mei njoggen ruters nei de Special Olympics en sjocht der nei út. ,,Wij hebben al vaker meegedaan aan de Special Olympics en het is een fantastisch evenement. We willen ook weer naar de Internationale Spelen in Los Angeles." De hynstewedstriden binne yn Snits, lykas it tennistoernoai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)