Startsein Special Olympics jûn

24 maaie 2014 - 12:12
  • It startsein foar de Special Olympics op It Hearrenfean

It startsein foar de Special Olympics is sneontemoarn jûn yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Der binne noch gjin sporters mei in beheining oankaam. De wedstriden binne pas oer trije wiken op 13,14 en 15 juny. Sneontemoarn binne wol de akkreditaasjes útrikt foar de twatûzen sporters en har 600 begelieders.

Ek definsje set sa njonkenlytsen útein mei de opbou fan it Olympysk doarp by it Abe Lenstrastadion. De organisaasje is der klear foar, seit projektlieder Tjisse Wallendal.

Oan it evenemint wurdt meiwurke troch sa'n 1500 frijwilligers. Artytsten lykas Danny de Munck en Charly Luske sille optrede by de iepening fan it evenemint. De iepening is foar eltsenien tagonklik, in kaartsje kostet 5 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)