Fiskmigraasjedei yn Fryslân

24 maaie 2014 - 11:46
  • Deputearre Kramer gie mei tal fan belangstellenden de Waadsee op

Op de Waadsee is sneon by de Ofslútdyk de wrâldfiskmigraasjedei úteinset. Op dizze dei wurdt omtinken frege foar fiskmigraasje. Guon fisken wolle fan swiet nei sâlt wetter swimme, mar wurde dêrby tsjinhâlden troch bygelyks slûzen en diken, lykas by de Ofslútdyk. Op mear as 200 plakken oer de hiele wrâld wurdt omtinken jûn oan de fiskmigraasjedei.

Ek yn Fryslân binne tal fan aktiviteiten. Sa kinne der ynteraktive spultsjes dien wurde, der binne bioskoopfilms oer de fiskmigraasje te sjen en der is in workshop 'Waadsushi' meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)