Lollum:Jarretank botst op auto

24 maaie 2014 - 10:43
  • De auto waard rekke troch de jarretank en sloech dêrnei oer de kop

Twa ynwenners fan Boalsert binne freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Lollum. De man fan 79 en frou fan 80 waarden yn har auto oanriden troch in trekker mei jarretank. De bestjoerder fan de trekker wie fergetten de sproeiers omheech te dwaan, dy stutsen dêrtroch oan de sydkant út. De auto sloech troch de botsing oer de kop.

De man en frou binne mei ferwûnings oan de holle en hannen nei it sikehûs brocht foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)