Amelanners heegje strân op

Op it badstrân by it Amelanner Ballum wurdt dit wykein flink wat sân brocht. Dêrmei moat de oerlêst troch in permaninte geul op it strân werombrocht wurde. Dy geul soarget foar stank, mar is ek gefaarlik omdat der driuwsân yn foarkomt. It wurk is freed begûn, wurdt nei alle gedachten snein ôfmakke, mar sneon is it hichtepunt. Dan binne der sa'n tritich minsken aktyf, mei trekkers, sjovels en kranen.
It is foar de fjirde kear dat Amelanners sels it strân op hichte bringe.
Rykswettersteat, dy't eigner fan it strân is, sjocht der de needsaak net fan yn, omdat de basiskustline net yn gefaar is.