Nij aaismytrekôr yn Wommels

Andries Smink heinde it 'rekôraai' fan syn broer Bauke Jetze © Henk Bootsma
It iepen Littenzer kampioenskip aaismite hat freedtejûn in nij wrâldrekôr oplevere. De bruorren Andries en Bauke Jetze Smink út Makkum hellen in ôfstân fan 76,27 meter. It wrâldrekôr waard delset nei de offisjele wedstryd, doe't de toppers in goai nei it wrâldkampioenskip dwaan mochten. Dat stie sûnt ferline jier op namme fan twa oare Makkumers.
De offisjele wedstryd waard wûn troch it duo Posthumus en Strikwerda mei in ôfstân fan 42 meter.