Blog: In dei op paad mei Stien Bruinsma

23 maaie 2014 - 22:47
  • Stien Bruinsma
  • Jûns noflik by Piet en Stien yn 'e tún

Freedtemoarn 7 oere pikt Stien ús op. We fiele ús hiel wat, trije Fryske froulju yn sa'n grutte Amerikaanse wein. De lading bestiet út stofsûgers fan de Lidl. Dy moatte lost wurde yn Langre. We binne tweintich foar achten te plak en Stien manoeuvrearret de Peterbilt handich efterút te plak. En dan is it wachtsjen oant de man mei de heftruck de lading derút helje sil. It is al nei njoggenen foar't dat sa fier is. Stien begjin 'm al wat te knipen, want se wol foar healwei tolven by de twadde stop fan hjoed wêze. Dat is Vittel, bekend fan it bronwetter. Hjir moatte we doppen lade, 15 pallets fol. Omdat it measte libben yn Frankryk tusken 12:00 en 14:00 oere stil leit wol se der rom foar dy tiid wêze, oars helpe se har net mear foar tolven en moatte we wachtsje oant it skoft foarby is. Stien is ien fan de pear sjauffeurs dy't ûnder lunsjtiid trochrydt. Oant no ta giet alles neffens plan. Mar by it tredde en lêste adres giet it mis. De lading blykt 10 ton swierder te wêzen as ôfpraat. Nei flink wat diskusje beslút Stien sûnder te laden fuort te riden. Dêrmei ha we trije oeren ferlern, djoere tiid. "Wat mut ik hier nou met, dit is de tweede keer deze week dat se my te pakken hawwe". Omdat Stien foar harsels rydt, moat se alles sels regelje. "Dit soart saken fret enerzjy". No't se de wein mar heal fol hat, hat se moandei ek in rit minder.

Foar ús wie it in bysûndere erfaring, in dei op de wein mei Stien.

Lês hjir it foarige blogberjocht 'In Biltse op in Amerikaanse wein yn Frankryk' of gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)