Blog: In Biltse op in Amerikaanse wein yn Frankryk

Tongersdei ride we fan it suden nei it midden fan Frankryk, sa'n 850 km. We ha ôfpraat Stien Bruinsma te treffen, mar wêr dat witte we noch net. Stien is trucker en rydt fan moandei o/m freed mei har opfallende wein troch benammen it noarden fan Frankryk. Se hat in Amerikaanse truck, fan it merk Peterbilt. "Peter sa hyt myn soan en ik kom fan It Bilt".
We hâlde de hiele dei fia de sms kontakt mei Stien en se lit ús witte dat we har jûns treffe kinne op it parkearplak by La Halte du Viaduct by Chaumont, krekt boppe Dijon. Op har oanwizings fine we it samar. Fol ferwûndering sjogge we nei in prachtich âld fiadukt, trije ferdjippings heech. It spoar giet der oerhinne en de auto's derûnder troch. Op it parkearterrein is de truck fan Stien net te missen. Wat in joekel! Oan belangstelling hat Stien dan faaks ek net te klaaien. "De Frânsen freegje meast wol oft se even sjen meie, mar soms lûkt ien sa de doar iepen om binnen te sjen".
Stien Bruinsma wurdt dit jier 62 jier. Se hat altyd op It Bilt wenne, mei Piet Tulner en harren trije bern. Piet en Stien kamen altyd al in soad yn Frankryk. Piet as reiddekker en Stien gong dan mei. Tegearre kochten se meubeltsjes op dy't se op It Bilt ferkochten. Dy handel waard hieltyd grutter, dus it ferfier moast ek grutter. Beide dienen se oan parasjutespringen. Op syn 26ste krige Piet in slim ûngelok wertroch hy arbeidsûngeskikt waard. In grutte klap. Stien waard fan doe ôf kostwinner. It transportbedriuw groeide troch en op in gegeven momint hie se seis minsken yn tsjinst. Doe't it minder gong yn de transportwrâld hat se alle frachtweinen ferkocht en de minsken ûntslein. Yn Frankryk kin se foar harsels noch wurk fine. Boppedat is it waar hjir meastal better as yn Fryslân. Dêrom dat se hjir seis jier lyn in hûs kocht hat. Sûnt dy tiid wikselje Piet en Stien it Frânske en Fryske libben mei elkoar ôf. De leafde foar de hannel yn twaddehânsk guod is der noch altyd. Yn it wykein strune Piet en Stien de 'brocantes' ôf en it guod dat se fine fynt fia marktplaats in nije eigener.